Berend Kunst
Dutch painter

Berend Kunst

The basics
Quick facts
Intro
Dutch painter
A.K.A.
Wierts Kunst
Gender:
Male
Work field:
Birth:
21 May 1794
Death:
8 June 1881
Biography menu
Menu

Jump to

Introduction Galery Keppeling om utens Boarnen, noaten en referinsjes Galery
The details
Biography

Introduction

Berend Wierts Kunst (Nieuwolda, 21 maaie 1794 - Hoogezand, 8 juny 1881) wie in Nederlânsk keunstskilder.

Kunst waard yn it Grinslânske Nieuwolda berne as soan fan mûnder en bakker Wiert Luitjens Kunst en Jenneke Berents Bakker. Yn 1816 boaske er oan Auke Roda. Kunst wie lykas syn heit ynearsten bakker, mar waard yn 1821 portretskilder. Koart skoft dêrnei ferfear de húshâlding nei Grins. Hy reizge as portrettist troch Nederlân, Dútslân, Denemark en Sweden. Yn 1825 waard him fan it Genootschap tot Bevordering van Teken-, Schilder-, Graveer- en Beeldhouwkunst in priis takend fan acht gouden dukaten.

Kunst hold in register by fan de portretten dy't er yn de perioade 1823-1873 makke, dat boekje is bewarre bleaun. Njonken skilderijen makke er fral pasteltekeningen. Hy skildere portretten fan ûnder oaren Hendrik Jan Oosting, boargemaster fan Assen, Jan Freerks Zijlker, Twadde Keamerlid, Menno Jan ter Haseborg, letter boargemaster fan Hoogezand, en de arsjitekt Jan Anthony Mulock Houwer.

Galery

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Galery