Baptiste Garnier
American army scout

Baptiste Garnier

The basics
Quick facts
Intro
American army scout
Gender:
Male
Work field:
Birth:
1854(Arkansas, USA)
Death:
16 December 1900(Crawford, Dawes County, Nebraska, USA)
Biography menu
Menu

Jump to

Introduction Libben Keppelings om utens Boarnen, noaten en referinsjes
The details
Biography

Introduction

Baptiste Garnier (yn Arkansas, 1854 – Crawford (Nebraska), 16 desimber 1900) wie in Amerikaansk frontiersman fan mingd Frânsk en Yndiaansk etnysk komôf. Hy tsjinne as ferkenner foar it Amerikaanske Leger, en focht yn dy hoedanichheid û.m. yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876.

Libben

Garnier waard yn 1854 berne yn 'e Amerikaanske steat Arkansas. Hy wie in pionier dy't oan 'e foargrins fan 'e Amerikaanske kolonisaasje libbe, en tsjinne yn it Amerikaanske Leger as ferkenner. Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en 1877 naam er diel oan 'e simmerkampanje fan 1876 ûnderbrigadegeneraal George Crook. Hy wie doe belutsen by de Slach oan de Rosebud, wie oanwêzich by de Hynstefleismars en focht mei yn 'e Slach by Slim Buttes. Yn dy snuorje krige er de bynamme Little Bat taparte, om him te ûnderskieden fan in oare ferkenner mei deselde foarnamme, Baptiste Pourier, oftewol Big Bat.

Garnier wie troud mei in Julia Mousseau (1864-1944), mei wa't er teminsten trije bern krige, John, Ellen en Emma. Nei ferrin fan tiid wurke Garnier him op ta it haad fan 'e ferkenners op 'e legerbasis Fort Robinson, yn Nebraska. Op 16 desimber 1900 waard er yn Dietrich's Saloon yn Crawford, deunby it fort, delsketten troch in James Haguewood, de weard. Garnier stoar bûtendoar op 'e strjitte omtrint 3 oare moarns. Hoewol't er gjin wapens by him hie doe't er delsketten waard, en hoewol't er neffens tsjûgen neat dien hie dat sok geweld tsjin syn persoan rjochtfeardigje koe, waard Haguewood letter frijsprutsen fan moard doe't er him op selsferdigening berôp.

Keppelings om utens