Crista Moore
American pornographic actress

Crista Moore

The basics
Quick facts
Intro
American pornographic actress
Gender:
Female
Birth:
19 June 1987(Flower Mound, Denton, Denton County, USA)
Star sign:
Family:
Siblings:
Biography menu
Menu

Jump to

Introduction Libben en karriêre Lichemsskaaimerken Keppelings om utens Boarnen, noaten en referinsjes
The details
Biography

Introduction

Crista Moore, echte namme: Kristi Whitson (Flower Mound (Teksas), 19 juny 1987), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Krista Moore, Crista, Crissy James en Tiffany. Hja moat net betize wurde mei de Amerikaanske toanielaktrise, sjongster en dûnseresse mei deselde namme. Moore is de jongere suster fan Cayden Moore, dy't ek as pornoaktrise aktyf is.

Libben en karriêre

Moore is hikke en tein yn 'e Amerikaanske steat Teksas, dêr't se yn 1987 berne waard yn it plak Flower Mound. Yn 2007, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 120 ûnderskate pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, New Sensations, Digital Sin, Hustler Video, Red Light District, Shane's World en Zero Tolerance.

Dêrnjonken hat Moore ek foar ferskate minder bekende studio's yn 't spier west, wêrûnder West Coast Productions, Pure Play Media en Platinum X Pictures. Fierders hat se ek in soad wurke foar pornosites op it ynternet, lykas danni.com en Porn.com. Moore har âldere suster Cayden Moore is ek wurksum yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, en de beide susters hawwe teminsten ien kear mei-inoar en mei in manlike akteur gearwurke yn in pornosêne, foar de website SisterReunion.com.

Lichemsskaaimerken

Crista Moore is 1.56 m lang, mei in gewicht fan 50 kg en kupmaat 34D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergean moatten hat. Behalven yn har earen hat hja piercings troch har lofternoaswjuk, har nâle, har beide spiennen en har klitoris. Ek hat Moore ferskate tattoeaazjes, wêrûnder in omrâne hert oan 'e binnenkant fan har lofterûnderearm, in lytsenien fan in blom lofts op har bikinyline, in flinter op har ûnderrêch, in grutte reade roas mei leaf op har lofterankel en -foet, en in mouwetattoeaazje dy't har rjochterearm omfiemet en dy't se yn 2013 sette litten hat.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes